Plysje pakt twa Ljouwerters op foar drugsoerlêst

29 apr 2015 - 14:27

De plysje hat tiisdei twa 27-jierrige Ljouwerters oanhâlden fanwege drugsoerlêst. De plysje hat ynfallen dien yn twa wenningen oan de Vuurdoornstrjitte yn Ljouwert. Dêrby waard kokaïne, heroïne, XTC en weed fûn. Ek waarden in ploertedeader en in goedendag, in soarte fan grutte kneppel, oantroffen en is der in ûnbekend jildbedrach yn beslach naam.

De fertochten sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
drugs kokaïne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)