Krityk ChristenUnie op kommunikaasje troch provinsje

29 apr 2015 - 14:23

De ChristenUnie set fraachtekens by de kommunikaasje troch de provinsje mei de boeren oer it stopsetten fan de subsydzjes foar agrarysk natuerbehear. Tsientallen boeren hawwe dizze sudsydzje oanfrege, mar dy regeling is stopset. De boeren sizze dat se fan neat witte. De ChristenUnie is no benaud dat de animo ûnder boeren foar agrarysk natuerbehear ôfnimme sil.

Fierder driigje guon boeren no mei skeakleems. Neffens de provinsje is it beslút yn in brief oan de belange-organisaasjes foar boeren bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)