Man út Oss oppakt foar ynbraak yn Bantegea

29 apr 2015 - 14:19

De plysje hat tiisdeitenacht in 55-jierrige man út Oss oanhâlden dy't fertocht wurdt fan in ynbraak yn Bantegea. In tsjûge seach in man by de skuorre achter in wenning oan de Middenwei en warskôge de plysjes. Dy seagen dat de doar iepenbrutsen wie, mar troffen net ien oan. Letter waard by Dronten in auto mei oanhingwein oan 'e kant set. De bestjoerder foldie oan it sinjalemint fan de ynbrekker. De man hie ek noch in boete iepen stean.

De man ús Oss is oerdroegen oan de plysje Fryslân. Dy sil ûndersykje oft it om de ynbrekker giet.

Trefwurden: 
ynbraak stellerij Bantegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)