Weststellingwerf wol dat bestjoer Flechtmuseum opstapt

29 apr 2015 - 11:57

De gemeente Weststellingwerf freget it bestjoer fan it Flechtmuseum yn Noardwâlde om op te stappen. Neffens de gemeente slút it bestjoer net langer oan by de fyzje dy't de gemeente hat foar 't Vlechtwerk, dêr't it museum ûnderdiel fan is, lykas de wrâldwinkel en de biblioteek. Der is de lêste twa jier in soad oer de fyzje praat en neffens de gemeente wol it bestjoer fan it museum dêr net yn meigean.

Dêrmei lit it besjoer kânsen lizze, seit de gemeente. De lêste jierren rûn it oantal besikers werom.

Der soe sprake wêze fan in min finansjeel perspektyf, wêrtroch it besteansrjocht fan it museum yn gefaar komt. Mei it plan Energiek Noordwolde wol de gemeente dêr wat oan dwaan.

Trefwurden: 
Noardwâlde Flechtmuseum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)