Ynbrekkers nimme rydplaten mei yn Warkum

29 apr 2015 - 10:11

By in loads oan de Lutswei yn Warkum binne tiisdei ferskate aluminium rydplaten stellen. In part fan de platen waard út de loads fan it bedriuw stellen. Om binnen te kommen waard in rút fernield.

Fanwege de ôfmjittings en it gewicht fan de platen tinkt de plysje dat de dieders in oanhingwein of in frachtwein brûkt ha. Neist de platen hawwe de ynbrekkers ek in doaze mei oranje swaailjochten meinaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)