Libanese man út Marsum oppakt foar minskesmokkel út Syrië

28 apr 2015 - 22:20

De Keninklike Maresjesee hat tiisdei yn Ljouwert in 45-jierrige fan oarsprong Libanese man út Marsum oanholden op fertinking fan belutsenheid by minskesmokkel. Foarige wike tiisdei waard yn itselde ûndersyk in 47-jierrige fan oarsprong Syryske man út Zaandam oppakt.

De manlju wurde fertocht fan it smokkeljen fan Syryske frjemdlingen fan Italië en Grikelân út nei Nederlân ta. Boppedat soenen se de frjemdlingen op yllegale wize tagong nei Nederlân ferskaft hawwe. De maresjesee slút mear oanhâldings yn dizze saak net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)