Mooglik ekstra tunneltsje ûnder spoar fan Hurdegaryp

28 apr 2015 - 21:30

Der komt mooglik dochs noch in ekstra tunneltsje by Hurdegaryp. It giet om in tunnel oan de noardeastkant fan it doarp ûnder it spoar troch. Dy tunnel stiet net yn de hjoeddeiske plannen, mar it doarp fiert aksje om it dochs oanlein te krijen.

Sa binne der al hûnderten hantekens sammele. Dy sille ynkoarten oanbean wurde oan Provinsjale Steaten om't dy úteinlik mei ekstra jild foar it projekt komme moatte.

De provinsje hat tiisdeitejûn by in ynformaasjegearkomste yn Hurdegaryp tasein om de mooglikheden foar sa'n ekstra tunnel ûndersykje te wollen. It soe dan wol gean om in sa goedkeap mooglike tunnel, dy't allinnich bedoeld is foar fuotgongers.

Trefwurden: 
spoar Hurdegaryp tunnel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)