Mei elektryske swingtrike de Alde Feanen ûntdekke

28 apr 2015 - 20:34

Twa Earnewâldster ûndernimmers ha nije elektryske apparaten wêrmei't groepen tochtsjes meitsje kinne troch De Alde Feanen. De e-scooter is gewoan in elektryske scooter, mar de swingtrike is in elektryske trijetsjiller, dy't 25 kilometer yn de oere kin. It sjocht derút as in krusing tusken in fyts en in autopet. Stjoere dogge je troch je lichem te ferpleatsen lykas by it skyen.

De elektryske scooters en swingtrikes wurde fersjoen fan in I-pad mei dêrop rûtes troch de Alde Feanen, dy't folge wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)