Gemeenteried praat oer takomst fan de misthoarn yn Harns

28 apr 2015 - 19:49

Harns krijt miskien dochs wer in misthoarn. It kolleezje fynt it feiliger foar de skippen en ek in soad Harnzers wolle dat graach. De gemeenteried sil der yn maaie oer beslute. In drege put, want de mienings yn de stêd en ried binne bot ferdield.

Rykswettersteat woe de misthoarn sels fuortsmite. It lei sels al klear om nei it stoart te bringen. Boargemaster Roel Sluiter kaam doe lykwols yn aksje. Hy fûn dat de misthoarn bliuwe moast. Dêr krige er letter spyt fan, om't it in soad reboelje feroarsake.

In soad Harnzers kamen yn opstân, om't se net sliepe kinne fan it lûd fan de misthoarn. De ried sil yn maaie mear dúdlikheid jaan oer de takomst fan de misthoarn.

Trefwurden: 
Harns Misthoarn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)