Skoalbern yn Aldhoarne bouwe sels 3D-printer

28 apr 2015 - 16:04

Learlingen fan de Wybrandiskoalle yn Aldhoarne hawwe sels in 3D-printer yninoar set en tiisdei de earste print makke. De groepen 5 oant en mei 8 hawwe in skoft lang alle moandeitemiddeis lessen folge oer it fenomeen 3D.

3D-printers binne frij djoere apparaten. De basisskoalle yn Aldhoarne is ien fan de earsten yn Fryslân dy't sa'n 3D-printer hat. Learlingen en learkrêften binne fan doel om't de printen dy't se meitsje, te ferkeapjen, om sa jild foar de skoalle te fertsjinjen.

Trefwurden: 
skoalle Aldhoarne 3D-printer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)