Jan Tichelaar nimt ôfskie fan ierdewurkbedriuw Tichelaar

28 apr 2015 - 11:37

Direkteur Jan Tichelaar hâldt nei 25 jier op by Keninklike Tichelaar yn Makkum. Hy hat it bedriuw fan in ambachtsbedriuw bekend fan beskildere ierdewurk en tegels feroare yn in spiler yn de ynternasjonale arsjitektuer- en keunstwrâld.

Neffens Tichelaar is de feroaring no klear en is it in goed momint om op te hâlden. Hy wol him mear rjochtsje op de ûntwikkeling fan famyljebedriuwen, de kreative yndustry en de kulturele sektor. Syn opfolger is der ek al: Hans Marcuse. Dy is al sûnt in healjier oan it wurk as algemien direkteur by Tichelaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)