Ferstoarne frou (88) yn Ljouwert wie ûnderkuolle

28 apr 2015 - 11:15

De 88-jierrige frou út Ljouwert dy't tiisdeitemoarn ferstoar yn de ambulânse op wei nei it sikehûs, wie ûnderkuolle. De frou waard moarns yn soarchwekkende tastân fûn yn de tún fan har eigen wenning oan Achter de Hoven.

Se is neffens de plysje troch noch ûnbekende oarsaak bûten har eigen hûs telâne kaam. De plysje slút in misdriuw út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)