Slûge automobiliste rekket fan de dyk by Langedike

28 apr 2015 - 10:31

In 24-jierrige automobiliste út Makkingea rekke moandeitemiddei ferwûne by in ûngelok op de Steenmaatsdyk by Langedike. De frou wie achter it stjoer yn sliep fallen en rekke doe mei de auto fan de dyk yn in stik greide.

It slachtoffer is mei pine yn de nekke en rêch nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok auto Langedike slûch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)