Fytser botst tsjin parkearde auto op It Hearrenfean

28 apr 2015 - 10:20

In 31-jierrige fytser út It Hearrenfean is de jûn fan Keningsdei ferwûne rekke doe't er op de Rolklaver tsjin in parkearde auto oan ried. De fytser seach de auto nei alle gedachten net troch de leechsteande sinne.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De auto fan in 72-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean rûn skea op.

Trefwurden: 
fytser botsing It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)