Lêste kear ballonnen oplitten yn Snits

27 apr 2015 - 10:29

In Snits wurde mei Keningsdei tenei gjin ballonnen mear oplitten. Dat hat de Oranjeferiening besletten. Lanlik binne der hieltyd mear oproppen om gjin ballonnen mear op te litten, omdat dy by it delkommen de natuer fersmoargje soenen.

Under oare de Waadferiening docht de oprop om der mei op te hâlden. De Oranjeferiening yn Snits jout dêr fan takom jier ôf gehoar oan. Op dizze Keningsdei binne noch wol ballonnen de loft yngien yn Snits.

Trefwurden: 
Snits ballonnen Keningsdei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)