Fertrouwen yn kening bliuwt heech

27 apr 2015 - 08:05

It fertrouwen yn kening Willem-Alexander bliuwt heech. Dat docht bliken út it jierlikse Keningsdei-ûndersyk fan Omrop Fryslân mei EenVandaag. Acht fan de tsien dielnimmers seit fertrouwen te hawwen yn de kening. Dit is like heech as yn 2014. Benammen it optreden fan de kening by de ramp mei de MH17 wurdt wurdearre.

Kening Willem-Alexander is yn Fryslân populêrder by de minsken as yn oare provinsjes. Dochs moat er it ek hjir ôflizze tsjin syn frou, keninginne Máxima. Su bliuwt de favoryt fan de measte minsken.

In lytse mearderheid fan 51 prosint fynt dat de kening tenei in seremoniele funksje wêze moat en net langer politike ynfloed hawwe moat. Fan de ûnderfrege minsken fynt 75 prosint it goed dat de nije generaasje it oernimt, en dat prinsesse Beatrix genietsje kin fan har pensjoen. It is moandei foar it earst dat Beatrix net mei giet nei de fiering. Sa'n 70 prosint fan de Friezen hat der begryp foar dat se net by de fiering is.

Dêrneist liket de nije opset fan Keningsdei oan te slaan. Hast 60 prosint fynt it in goeie saak dat de âld-Hollânske spultsjes as koekehappen net langer op it programma steane.

Trefwurden: 
EenVandaag kening fertrouwen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)