Utstalling yn bunker Koehoal oer piloaten

26 apr 2015 - 17:36

Yn de bunker Koehoal oan de Waadseedyk is takom wykein in tentoanstelling yn it ramt fan 70 jier befrijing. De lytse útstalling giet oer twa piloaten dy't yn de Twadde Wrâldoarloch om it libben kaam binne en oanspield oan de seedyk.

Fan in ûnbekende fleaner is in tas mei lânkaarten weromfûn dy't yn de tentoanstelling te besjen is. De oare piloat wie Frederick B. Robinson út Texas. Hy is begroeven op it hôf yn Pietersbierrum en letter werbegroeven yn Margraten. De útstalling yn de Bunker Koehoal is op sneon 2 en snein 3 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)