Soargen oer freonen en famylje yn Nepal

26 apr 2015 - 16:26

Ek yn Fryslân binne soargen oer freonen en famylje yn Nepal. De ierdbeving yn de haadstêd Kathmandu hat oan mear as 2000 minsken it libben koste.

Yn Fryslân hawwe tusken de fiif en tsien organisaasjes in relaasje mei Nepal, bygelyks yn ûntwikkelingshelp, sûnenssoarch of projekten mei bern en ûnderwiis. Foarbylden binne de Stichting Nepal Pariwar en de Stichting Sambandha. In groep gynekologen fan it MCL hat ek in foarljochtingsprojekt te rinnen yn Nepal. Friezen besykje kontakt fia telefoan of ynternet te krijen mei de relaasjes yn Nepal.

Trefwurden: 
Nepal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)