Cambuur pakt net mear as in punt yn Dordrecht

26 apr 2015 - 14:19

SC Cambuur is der net yn slagge fan FC Dordrecht te winnen. Tsjin de degradant en nûmer 18 fan de earedivyzje kaam Cambuur net fierder as 0-0. It achtste plak is dêrtroch fier fuort.

Cambuur wie wol krekt wat better, mar spile te sloardich om echt oanspraak te meitsjen op de oerwinning. Ogbeche krige de bêste kânsen, mar de topskoarder fan Cambuur hie it hjoed net. It wie foar trainer Henk de Jong syn lêste wedstriid fan dit seizoen. Hy wurdt opereard oan 'e knibbel.

Cambuur makket noch kâns op it achtste plak en in plak yn de play-offs om Europeesk fuotbal. Dat hat it lykwols net yn eigen hân. Cambuur is no njoggende, mei twa punten minder as FC Grins, dat snein lykspile tsjin Feyenoord. Boppedat jout it achtste plak allinnich rjocht op in plak yn de play-offs as PEC Zwolle de bekerfinale wint.

8. FC Grins 32-43
9. SC Cambuur 32-41
10. Willem II 32-40

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)