Dronken Ljouwerter automobilist botst op auto fan Boalserter

26 apr 2015 - 11:15

In 26-jierrige automobilist út Leeuwarden is sneon ferwûne rekke by in oanriding. Hy kaam op it krúspunt fan de Sem Dresdenstrjitte mei de Willem Pijperstrjitte yn botsing mei in auto. Dy waard bestjoerd troch in 50-jierrige man út Boalsert.

De man út Ljouwert is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat er alkohol dronken hie.

Trefwurden: 
Ljouwert oanriding auto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)