Fakbûnen hâlde folkspetysje tsjin ôfbraak yn de soarch

26 apr 2015 - 10:44

Fakbûnen FNV en CNV organisearje fan 1 maaie ôf in folkspetysje foar de soarch. Sa'n grutte aksje is noch mar in pear kear earder yn Nederlân dien. Doel is om yn seis wike tiid 300-tûzen hantekenings te krijen. Om dat te berikken hâldt FNV op sneon 2 maaie in kursus yn Ljouwert om minsken te learen hoe't se safolle mooglik hantekenings ophelje kinne.

De oprop dy't yn de folkspetysje stiet, is dat steatssekretaris Van Rijn ophâldt mei de besunigings en de ôfbraak fan de soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)