Aris lit tosken sjen, mar wurdt troch Donar wol útskeakele

25 apr 2015 - 21:46

De basketballers fan Aris hawwe krekt gjin revâns nimme kinnen op Donar. Nei it 101-66 ferlies fan tongersdei yn Grins, waard de twadde play-off-wedstriid in echte partij.

Nei it earste kwart yn sporthal It Kealledykje stie it 14-14, healwei wie it 36-34. Nei it tredde kwart wie it gatsje trije punten yn it foardiel fan de Ljouwerters. Yn it lêste kwart joech de klasse fan Grins krekt de trochslach: einstân 87-73 foar Donar, dat nei de winst fierdergiet yn de striid om de Nederlânske titel. Foar Aris sit it seizoen derop.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)