Follybalsters Snits kampioen fan Nederlân

25 apr 2015 - 21:16

De follybalsters fan Snits binne kampioen fan Nederlân. Eurosped TVT út Almelo waard mei 3-1 ferslein. Yn in grôtfolle Snitser sporthal gong de earste set mei senuweftich spul fan beide kanten mei 25-20 nei Snits. Yn de twadde set pakte de thúsploech fan coach Petra Groenland in pear kear in romme foarsprong, mar de set gong mei 25-23 nei in taai Eurosped. Snits pakte, ûnder oanfiering fan Carlijn Jans, mei 25-17 set trije. Under heechspanning kaam Snits yn set fjouwer op foarsprong, mar ek op efterstân. It waard úteinlik 29-27 foar Snits.

Yn 1992 pakte Olympus Snits, de foarrinner fan de hjoeddeistige feriening, foar it lêst de lânstitel. Dat wie doe de achtste op rige. No 23 jier letter is it kampioenskip werom yn de stêd mei de Wetterpoarte. De hiele kampioenswedstriid wurdt snein werhelle by Omrop Fryslân op telefyzje om 13.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)