Te min spektakel by Hearrenfean-Willem II: einstân 1-1

25 apr 2015 - 20:21

Sportklup Hearrenfean en Willem II diene sneontejûn net genôch oan klantebining. Yn in earmoedige earste helte krigen beide ploegen amper kânsen. De 0-0 stân by it skoft wie dan ek logysk. Yn de twadde helte wie der mear fjoerwurk, benammen yn it lêste kertier. Bruno Andrada sette de ploech út Tilburg yn de 78e minút op foarsprong, twa minuten letter foel de lykmakker fan Mark Uth. Einstân sadwaande 1-1 yn in wedstriid mei te min spektakel.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)