Ferlies foar kuorballers fan SCO

25 apr 2015 - 17:36

De kuorballers fan SCO ferlearen sneon mei 21-19 fan DOS '46. Yn Nijeveen begûnen de kuorballers út Aldeholtpea goed oan de wedstriid. By rêst stie der in lytse 9-7 efterstân op it boerd foar de ploech fan trainer Aegle Frieswijk.

Nei it skoft slagge SCO der net yn de efterstân yn te rinnen en bleaunen de punten yn Nijeveen.

Trefwurden: 
kuorbal SCO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)