Lieuwe Westra oare wike yn Ronde fan Romandië

25 apr 2015 - 11:53

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje komt nije wike pas wer yn aksje. Dan is de Ronde fan Romandië. Westra miste troch sykte ôfrûne wike de Waalske Pijl. Hy start snein net yn Luik-Bastenaken-Luik. Hy stie wol op de startlist.

Astana, de ploech dêr't Westra ûnder kontrakt stiet, krige fan 'e wike te hearren dat se de wrâldlisinsje hâlde meie. Westra seit bliid te wêzen dat de ellinde achter de rêch is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)