Learlingen tsjinje klacht yn tsjin Drachtster Lyseum

25 apr 2015 - 10:51

De lêsteskoaldeikommisje op it Drachtster Lyseum tsjinnet in klacht yn tsjin de direksje fan de skoalle. Dy hat tongersdei de eksamenstuntdei op de dei sels ôflast, omdat guon learlingen alkohol dronken hiene. Der wie ek noch in tas fol drank yn beslach naam.

Neffens de kommisje wurdt de hiele skoalle straft foar wat in lyts groepke misdien hie. Fiif learlingen dy't moarns al dronken hiene, wiene troch de direksje dyselde moarn nei hûs ta stjoerd. Alle aktiviteiten fan de rest fan de dei mochten doe net trochgean.

De learlingen easkje ekskús fan de direksje. Se tsjinje in klacht yn by de foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer en by de Underwiisynspeksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)