Kamerabylden by tolve Fryske brêgen bewarre

25 apr 2015 - 08:53

De provinsje Fryslân bewarret bylden dy't makke binne troch kamera's op brêgen. Dy bylden wurde fiif dagen bewarre. It giet om yn totaal om tolve brêgen by Strobos, Spannenburch en oer it Prinses Margrietkanaal. De opnamen kinne brûkt wurde as bewiismateriaal by ûngelokken.

Yn Grinslân wurde de opnamen tenei fjirtjin dagen bewarre. Fryslân is fan doel om it tal kamera's dat bylden opnimme kin, út te wreidzjen. Se langer bewarje is noch net oan de oarder. Dêrfoar is de technyske kapasiteit te beheind.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)