Froulju Drachtster Boys wer útskeakele yn de seal

24 apr 2015 - 23:42

It frouljussealfuotbalteam fan Drachtster Boys is der wer net yn slagge Nederlânsk kampioen te wurden. Dit kear is de heale finale it einstasjon. Nei in nederlaach yn Sittard ferlear Drachtster Boys no thús mei 4-3 fan FSG. De beslissende goal foel twa minuten foar tiid.

It ferlies is ekstra pynlik, omdat Drachtster Boys yn de kompetysje earste waard mei tsien punten mear as nûmer fjouwer FSG. Ferline jier einigen de froulju mei twa oaren ploegen as dield earste, mar kamen se tekoart yn de beslissingsronde.

Foar trainer Jos Alkema wie it nei trije jier syn lêste wedstriid. Hy wurdt opfolge troch Symen Abe Hoekstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)