Natuergebiet by Smelle Ie yn hannen fan Fryske Gea

24 apr 2015 - 17:21

Wetterskip Fryslân hat freedtemiddei it nije natuergebiet by Smelle Ie oerdroegen oan It Fryske Gea. Dy is dan ferantwurdlik foar it behear en ûnderhâld derfan. It Wetterskip hat it gebiet oan de Bûtendiken ûntpoldere om romte te meitsjen foar wetter en natuer.

Dêrtroch foarmet it no ek de ferbining tusken de petgatten by De Feanhoop en de Wide Ie/Alde Feanen. Dêrnjonken binne noch twa polders realisearre fan goed 100 bunder foar de berging fan ekstra wetter. De oanlis fan dizze nije natuer hat yn totaal 2 miljoen euro koste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)