Reade sifers foar ôffalferwurker Omrin

24 apr 2015 - 16:54

Offalferwurker Omrin hat ferline jier in ferlies draaid fan 1,7 miljoen euro. Dat komt troch oanpassingen op Ecopark de Wierde bij Aldehaske. Dêrtroch moast it bedriuw flugger trije miljoen ôfskriuwe. De omset is wol groeid mei 3,5 miljoen, om't der mear recycle is en trochdat der mear enerzjy produsearre is yn de reststoffe-enerzjysintrale yn Harns. De Fryske gemeenten wiene ferline jier goedkeaper út wat de ôffalferwurking oangiet, skriuwt Omrin yn it jierferslach. It taryf gie fan 82 euro nei 75 euro de ton.

Trefwurden: 
Omrin jierferslach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)