Fytser skept troch in auto op de Saatsenwei by Ingwierrum

24 apr 2015 - 16:34

In 76-jierrige fytster út Dongeradiel is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Saatsenwei by Ingwierrum. It slachtoffer waard by it oerstekken fan de dyk skept troch in auto, bestjoerd troch in 37-jierrige man út Houten. Foar de helpferliening is ek in traumahelikopter oproppen.

De frou is mei ferwûnings oan ûnderen de skonk, earm en ribben nei it sikehûs brocht. De automobilist rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
ûngelok fytser Ingwierrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)