Formaasje kolleezje DS no oan 'de popkes' ta

24 apr 2015 - 15:01

Der sit flink skot yn de formaasje fan in nij kolleezje fan Deputearre Steaten. Nije wike wurde de puntsjes op de i set as it giet om it ferdielen fan de portefúljes en it finansjeel trochrekkenjen fan alle plannen dy't yn it kolleezje-akkoart komme. CDA-listlûker Sander de Rouwe sei dat freedtemiddei op syn wyklikse parsekonferinsje.

It is it doel dat it nije kolleezje-akkoart oer trije wiken klear is. De wike dêrop wurde de nije deputearren ynstallearre, yn de gearkomste fan provinsjale steaten.

De Rouwe woe freed net reagearje op it ferwyt fan PvdA-deputearre Hans Konst dat it CDA de Partij van de Arbeid 'naaid' hat by de ynformaasje. De Rouwe ferwiist foar alle fragen oer de ynformaasje nei it earder publisearre ynformaasjeferslach fan ynformateur Geart Benedictus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)