Plysje Ljouwert pakt scooterdief op

24 apr 2015 - 13:43

De plysje yn Ljouwert hat tongersdei in 33-jierrige scooterdief oanhâlden. De eigener sels seach de man riden op syn krekt dêrfoar stellen skooter en warskôge de plysje. Doe't dy de man sûnder fêst wenplak oanhold, hie hy ynbrekkersark by him.

De scooter en it ark binne yn beslach naam. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
scooter scooterdief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)