Omrop Fryslân dielt omroplintsjes út

24 apr 2015 - 11:06

Wa fertsjinnet neffens jo in lintsje? Omrop Fryslân Radio dielt op freed 24 april, de dei fan de lintsjerein, spesjale Omrop-lintsjes út. Dy binne foar minsken fan wa't harkers fine dat sy om wat foar reden dan ek in ûnderskieding fertsjinje.

Live-ferslachjouwers binne freed 24 april de hiele dei rûnom yn Fryslân op 'en paad om Omroplintsjes op te spjeldzjen. De Omrop-lintsjerein is de hiele dei te folgjen op de radio en ynternet.

Sjoch foar in oersjoch fan alle ferhalen en foto's op omropfryslan.nl/omroplintsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)