Plysje set Dútske hurdrider oan de kant by Koudum

24 apr 2015 - 07:37

De plysje hat tongersdeitejûn op de N359 tusken Balk en Koudum in 48-jierrige Dútske automobilist oanhâlden. De man ried by it Flinkeboskje 136 kilometer dêr't 70 it maksimum is. Neffens de plysje barre by it Flinkeboskje in soad ûngelokken. Der wurdt dêrom ekstra kontrolearre.

De Dútser krige in boete fan 1050 euro en moat twa moannen syn rydbewiis ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)