Twadde Keamer tsjin gaswinning op Skylge

24 apr 2015 - 07:09

Gaswinning op Skylge stiet foarearst faai. De Twadde Keamer wol net dat de gasboarrings op it Waadeilân trochgeane. In mearderheid stipet in moasje fan de Partij voor de Dieren hjir oer. It bedriuw Tulip Oil woe yn de winter al begjinne mei boarjen, mar moat dat no útstelle. Neffens de keamer is der gjin draachflak ûnder de bewenners.

Minister Henk Kamp fan ekonomyske saken moat noch in definityf beslút oer de fergunning nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)