Auto's yn beslach naam by plysjekontrôles Ljouwert

23 apr 2015 - 23:14

De plysje yn Ljouwert hat tongersdei op ferskate wegen nei de stêd ta kontrôles holden. Yn ferbân mei iepensteande boetes moasten trije automobilisten tasjen dat harren auto fuortsleept waard. Fierder waard noch wol foar 2200 euro binnenhelle fan minsken dy't ek noch boetes betelje moasten. By de kontrôles binne noch seis auto's yn beslach naam.

Trefwurden: 
boetes plysjekontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)