Topkeatser Taeke Triemstra wer yn aksje yn Weidum

23 apr 2015 - 19:10

Topkeatser Taeke Triemstra út Sint-Jabik sil op 3 maaie yn Weidum wer op it keatsfjild te bewûnderjen wêze. Triemstra hat de ôfrûne wike yn Naarden in lêste test dien ûnder lieding fan fysioterapeut Rob Tamminga. Taeke Triemstra is yn septimber ferline jier operearre oan syn skouder. It wie in riskante operaasje en dêrtroch wie it ôfwachtsjen hoe fluch Triemstra werômkomme soe op it keatsfjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)