Omjouwingsferbod Abe Lenstrastadion foar fyftjin supporters

23 apr 2015 - 15:01

Foar fyftjin supporters fan SC Hearrenfean jildt oant july in omjouwingsferbod by it Abe Lenstrastadion. Om't it stadion yn it winkelgebiet falt, is ek in diel fan it winkelsintrum en De Knipe ferbean terrein foar de supporters. Dat blykt út stikken fan de gemeente It Hearrenfean.

De fuotbalfans wiene belutsen by de rel foar de Fryske derby tusken Hearrenfean en Cambuur. Noch foar de wedstriid begûn, moast de ME al yngripe. De gemeente woe earder in stadionferbod oplizze fan in jier, mar kaam dêr op werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)