Op Keningsdei in sanitêre stop meitsje op húske fan keunst

23 apr 2015 - 12:04

Boargemaster Ferd Crone nimt kommende moandei fiif troch keunstskilders beskildere mobile húskes yn gebrûk. Hy docht dat op it Wilhelminaplein yn Ljouwert, by de aktiviteiten foar Keningsdei.

De húskes binne beskildere op fersyk fan it bedriuw dat se ferhiert. Dy hat dat dwaan litten mei it each op Kulturele Haadstêd 2018. It bedriuw giet der fanút dat de húskes dan ferhierd wurde foar de ferskillende aktiviteiten. De kommende jierren wurde der noch mear húskes beskildere.

Trefwurden: 
Ljouwert keunst mobyl húske
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)