Bestjoerder De Friesland oernachtet yn Hûs fan de Takomst

23 apr 2015 - 11:07

Bestjoersfoarsitter Diana Monissen fan soarchfersekerder De Friesland hat de nacht trochbrocht yn it hûs fan de takomst op 'e Gordyk. Se die dat tegearre mei kollega bestjoerder Dieneke Mandema en mei de direkteuren Jeroen van Balen en Peter Hutten fan boubedriuw Van Wijnen. De twa bedriuwen hawwe it hûs sels betocht.

It is troch de ynstallaasje fan technyske snufkes geskikt om ek yn de takomst yn te wenjen en der is ek de mooglikheid om sa nedich sike famyljeleden yn te ferpleegjen.

Monissen en Van Balen woenen sels ûnderfine hoe't it is om yn it hûs te wenjen. Se hoopje dat troch dit soart nije wenten minsken de stap nei it ferpleechhûs útstelle kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)