100.000e besiker foar stedsskouboarch De Harmonie Ljouwert

22 apr 2015 - 21:33

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert hat woansdei de 100.000ste besiker fan it seizoen 2014/2015 ferwolkomme. Margot Terpstra út Ljouwert wie de lokkige. Mei har sus Julian waard se by de yngong fan de skouboarch ûntfongen en traktearre op in diner. De twa hiene kaarten foar de musikal 'Hartsvrienden' kocht.

Foardat se de teaterseal yn mochten, waard it duo mei de cast op de foto setten. De Harmonie is grutsk dat no al de 100.000e tagongskaart fan dit seizoen ferkocht is. Gewoanwei stiet de teller yn april op sa'n 85.000 besikers.

Trefwurden: 
Ljouwert besikers De Harmonie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)