Fryske plysjeburo's ticht yn ferbân mei CAO-aksjes

22 apr 2015 - 20:46

Alle Fryske plysjeburo's binne tongersdeitemoarn tusken 9 en 11 oere ticht yn ferbân mei de CAO-aksjes by de plysje. It telefoannûmer 0900 - 88 44 is hjir yn Fryslân wol gewoan te berikken. De plysjes hawwe in konflikt mei de minister. Se wolle in leansferheging en in bonus yn ferbân mei de yngeande reorganisaasje by de plysje.

Om deselde reden wie der woansdei ek al in grutte stadichoan-aksje. Fryske plysjes rieden fan 7 oant 9 oere mei in snelheid fan mar 60 of 70 kilometer yn de oere oer de autosneldyk nei De Jouwer.

Trefwurden: 
CAO plysje aksje plysjeburo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)