Aris nei de play-offs: Jackson-Cartwright is posityf

22 apr 2015 - 20:24

Yn de kompetysje wiene se kânsleas, mar dochs tinkt Miles Jackson-Cartwright dat Aris kâns makket. Tongersdeitejûn spylje de basketballers fan Aris yn Grins tsjin Donar de earste playoff-wedstriid. De Grinzers einigen yn de kompetysje as tredde, Aris as sechsde. Aris spile twa kear yn Grins en ferlear twa kear dik.

Jackson-Cartwright seach woansdei syn heit oerkommen út Amearika. Syn broerke, Parker Jackson-Cartwright, spile ferline wike noch college basketbal foar tûzenen fans en live op nasjonale tillevyzje.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)