Plysjeminsken op oefening betraapje snorfytsdief

22 apr 2015 - 20:18

Plysjeminsken op oefening hawwe tiisdeitejûn yn Ljouwert in snorfytsdief betrape. De oefening wie yn de Vuurdoornstrjitte. Dêr seagen de plysjeminsken yn boarger trije kear deselde snorfyts foarby kommen, mar wol mei trije kear in oare bestjoerder derop.

Doe't se it kenteken kontrolearren, die bliken dat de snorfyts stellen wie. Dêrop waard de bestjoerder oan de kant setten. Op dat momint kaam in oare man derby. Hy besocht in plysjeman oan te fallen en is ek oanhâlden.

Trefwurden: 
Ljouwert stellerij snorfyts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)