Gearwurking by opliedings feilichheid yn Noarden

22 apr 2015 - 20:05

Fjouwer noardlike ûnderwiisynstellings (ROC Friese Poort, de NHL Hegeskoalle, it Alfa Kolleezje en it Drinte Kolleezje) sille mei harren opliedings feilichheid mear mei-inoar gearwurkje. Reden is dat oerheidsynstânsjes en bedriuwslibben hieltyd mear feilichheidsmaatregels treffe en de feilichheidsbrânzje dêrtroch ferlet hat fan goed en mear oplieden personiel.

Mei de gearwurking giet de kwaliteit fan de feilchheidsopliedings omheech, komme der genôch staazjeplakken en úteinlik wurdt de sosjale feilichheid fergrutte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)