Man besketten op parkearplak by Surch

22 apr 2015 - 17:41

De plysje docht ûndersyk nei in mooglike sjitpartij by de Caspar de Roblesdyk by Surch. Dat wie yn de nacht fan tiisdei op woansdei. In man fan 75 jier hat him tiisdeitenacht by de plysje melden. Hy sei dat hy earder op de jûn besketten wie yn syn auto, op it parkearplak by de Caspar de Roblesdyk. Dêrby soe in rút fan syn auto sneuvele wêze.

De man fan 75 is net ferwûne rekke. Wat de tadracht en de achtergrûn wie fan it ynsidint, wurdt no útsocht troch de plysje.

Trefwurden: 
Surch sjitpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)