"Yngewikkelde strafsaken net bûten rjochter om dwaan"

22 apr 2015 - 16:07

It is net in goed idee om ek yngewikkelde strafsaken bûten de rjochter om te dwaan. Dat fynt advokaat Bart Canoy fan Ljouwert. Tiisdei makke it Iepenbier Ministearje yn it Noarden bekend dat it IM bygelyks ek hûslik geweld ôfhannelje wol sûnder tuskenkomst fan de rjochter. Dêrtroch moat de druk by de rjochters en by it IM ôfnimme.

Canoy seit dat de praktyk útwiist dat de straffen faak heger útpakke, sûnder rjochter en advokaat. Ek krije fertochten wol in stafblêd, ek al hawwe se net foar de rjochter stien.

De Ljouwert advokaat is benaud dat saken as húslik geweld te yngewikkeld binne om sûnder rjochter en advokaat ôf te hanneljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)