Frijwillige brêgewippers Balk krije ynstruksje

22 apr 2015 - 15:12

In groep frijwilligers is woansdei yn Balk oplaat ta brêgewipper. De frijwilligers sille twa brêgen yn it doarp yn 'e jûnsoeren betsjinje. It giet om de Teernstrabrêge en de Ossebrêge. Sa wol Balk it doarp oantrekliker meitsje foar wettersporters.

Tenei wurde de brêgen tusken maaie en oktober oerdei troch de fêste brêgewippers betsjinne, jûns wurde frijwilligers ynsetten. Mei de gemeente De Fryske Marren en de winkeliersferiening begûn pleatslik belang Balk Vooruit earder dit jier in kampanje om brêgewippers te finen.

Der binne yntusken genôch frijwilligers om de brêgen it hiele simmerseizoen te betsjinjen. Se krigen ynstruksje fan de gemeente.

Trefwurden: 
Balk brêgewipper ynstruksje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)